'Fjilden Frjentsjer ferpleatse'

05 feb 2006 - 13:02

De fuotbalfjilden by de Van Saksenleane yn Frjentsjer moatte ferpleatst wurde nei rekreaasjeterrein Blomketerp by Frjentsjer. Dat hat de FNP yn Frjentsjerteradiel sein by de start fan de kampanje foar de riedsferkiezings.

De gemeente moat de ferpleatsing yn eigen hân hâlde en net yn see gean mei projektûntwikkelders, sa fynt de partij. Op Blomketerp waard sneon in fuotbalwedstriid hâlden fan FNP'ers tsjin Sportklub Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)