Underskieding foar brânwachtman

05 feb 2006 - 12:58

Oan brânwachtman Janko Schraa fan it korps fan Drylts hat sneon in keninklike ûnderskieding krigen. Dat barde yn kafee De Tsjerkepleats yn Wâldsein. Schraa hat 35 jier frijwilliger west by de brânwacht fan Wymbritseradiel.

Op 1 jannewaris hat er offisjeel al ôfskied naam fan de brânwacht. Syn lêste brân wie ein ferline jier yn Twellingea. Dêr hat er meiholpen by it dwêsten fan in brân yn in wenbuorkerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)