Fiat foar Amerikaanske wynmotor

© Omrop Fryslân
De bou fan in Amerikaanske wynmotor oan de noardeastkant fan de Jan Durkspolder by Aldegea kin trochgean. It plan foar de wynmotor komt fan it Fryske Gea. Dy wol de mûne brûke om wetter út de polder te pompen. Sa wurdt it gebiet geskikter foar planten en fûgels.
De mûne wurdt sawat 10 meter heech. Neffens it gemeentebestjoer fan Smellingerlân past de Amerikaanske wynmotor wol yn de polder. Ek op oare plakken stean al sokke mûnen.