Subsydzje foar kringloopwinkel

05 feb 2006 - 12:41

Kringloopwinkel De Ringh yn Boalsert moat de kommende trije jier 8000 euro subsydzje krije fan de gemeente. Dat skriuwe B & W fan Boalsert oan de gemeenteried. Neffens it kolleezje hat de kringloopwinkel him yn de lêste jierren suksesfol ûntwikkele. In soad minsken witte de winkel te finen.

It fuortbestean is neffens it gemeentebestjoer fan belang, omdat sa foarkommen wurdt dat goed spul op it stoart bedarret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)