Wurk yn skipsbouprojekt

© Omrop Fryslân
Twa nije projekten yn de skipsbou yn Ljouwert en Frjentsjer sille de kommende twa-en-in-heal jier wurk biede oan hast sechstich wurkleazen. Dat hat opliedingssintrum Friese Poort, Sintrum Fakoplieding bekend makke.
Skipswerf Talsma út Frjentsjer sil yn gearwurking mei inkele bedriuwen fral jonge wurksykjenden 2 skippen opknappe litte: in âlde fiskersboat en in kof- tsjalk. Foar guon minsken sit der nei it projekt sels in wurkgarânsje yn.