Namme bisdom no Grins/Ljouwert

05 feb 2006 - 12:21

It bisdom Grins, dêr't ek Fryslân ûnder falt, hjit fan sneon ôf it bisdom Grins/Ljouwert. Dêrmei komt Ljouwert foar it earst yn goed 400 jier wer foar yn de namme. It selsstannige bisdom Ljouwert hat ein sechtjinde ieu goed 10 jier bestien nêst it bisdom Grins.

By de reformaasje ferdwûnen beide bisdommen. Yn 1956 krige it Noarden wer in eigen biskop yn Grins. Neffens de hjoeddeiske biskop Willem Eyk fan Grins waarden de Friezen dêrmei tekoart dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)