Weipiraat oanholden by De Jouwer

05 feb 2006 - 12:01

De plysje hat freed by ferkearsplein De Jouwer in 21-jierrige automobilist oan de kant set. De man foel op troch syn hurde riden. Ek joech er gjin rjochting oan en ried er op parten fan de dyk dêr't er net komme mocht.

De Emmeloordster ried mei 170 km Grou foarby rjochting It Hearrenfean. By It Fean gie er sûnder rjochting oan te jaan nei De Jouwer. Syn passazjier (20)krige in boete omdat er syn identiteitsbewiis net by him hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)