Nij protest tsjin Fries Museum

© Omrop Fryslân
De groep Sterk Fries Museum dy't tsjin de ferhuzing is fan it museum nei it Saailân yn Ljouwert, hat freed in advertinsje yn beide Fryske kranten. Dêryn sizze 160 minsken dat sy efter it stribjen fan de groep stean om it Fries Museum oan de Turfmerk te hâlden.
De groep wol ek dat der dúdlikheid komt oer it legaat fan arsjitekt Bonnema. Dy hat jild neilitten ûnder de betingst dat dat brûkt wurdt foar in nij Fries Museum op it Saailân.