Fryske nominaasje foar webpriis

04 feb 2006 - 13:18

Weblog Bloodyhell.nl is nominearre foar in Dutch Bloggie, de priis foar de bêste weblogs fan Nederlân. Bloodyhell.nl is in kreaasje fan de weblogsters Grytsje út Ljouwert en Lotte út Limburch.

Op harren stylfolle weblog beskriuwe de froulju wat se meimeitsje. Dy ferhalen wurde oanklaaid mei byldmateriaal en links. Oft se de priis ek echt winne, hinget ôf fan 'e stimmen dy't se krije fia de website fan Dutch bloggies.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)