Lanlik D66 net nei Fryslân

© Omrop Fryslân
De lokale Fryske D66-ôfdielings sille by de gemeenteriedsferkiezings net folle gebrûk meitsje fan de stipe fan har lanlike folksfertsjinwurdigers. Dat seit fraksjefoarsitter Sieswerda fan D66 yn Provinsjale Steaten. Hy is teloarsteld oer de opstelling fan D66 yn de kwestje Afganistan.
D66 drige mei in kabinetskrisis, at de Keamer akkoart gean soe mei de misje. De partij bûn tongersdei yn it debat oer Afganistan lykwols yn.