Gjin neisoarchgegevens BFVW

03 feb 2006 - 15:15

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten komt dit jier net mei de neisoarchgegevens oer 2005 nei bûten ta. Dat komt omdat de rjochter ferline jier it aaisykjen ferbean hat. Omdat it beskermjen fan de fûgels yn de filosofy fan it bûn net sûnder it aaisykjen kin, wurde de neisoarchgegevens net publisearre yn it jierferslach fan it BFVW.

Neffens Heslinga fan it BFVW ha de neisoargers ferline jier noch wol it fjild yn west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)