Spanning yn Balk oer Afganistan

03 feb 2006 - 15:03

Yn Balk sitte twa famyljes yn oer de missy nei Afganistan. Twa militêren út it doarp sille útstjoerd wurde no't in keamermearderheid yn Den Haach besletten hat troepen te stjoeren. Dat binne Tim Joling en Jurjen Mous.

Se wurde ynset yn de provinsje Uruzgan dy't as tige gefaarlik bekend stiet. Tim Joling is bliid mei it beslút troepen te stjoeren. De Balkster makket diel út fan de earste groep dy't yn augustus op missy giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)