Tal fallisseminten falt ta

03 feb 2006 - 14:39

Yn Fryslân is it tal fallisseminten ferline jier net sa bot omheech gien as lanlik. Twa persint fan de bedriuwen yn de provinsje koe ferline jier de holle net mear boppe wetter hâlde, lanlik lei dat persintaazje op acht persint.

Mei inoar giene yn Fryslân 239 saken fallyt, docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. It giet meastentiids om ienmansbedriuwkes, dy't der mei ophâlde moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)