Man net langer fertocht fan brân

03 feb 2006 - 12:07

De 24-jierrige Ljouwerter dy't yn novimber oppakt waard fanwege de brân yn de FEBO yn Ljouwert, wurdt net langer fertocht. Neier ûndersyk fan de plysje hat útwiisd dat de man neat mei de brânstifting en de stellerij fan jild te krijen hat.

De FEBO yn Ljouwert baarnde yn oktober ôf, neidat der yn it gebou ynbrutsen wie. Fannewike binne trije meiwurkers fan de FEBO oppakt, omdat se fertocht wurde fan de brânstifting en ynbraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)