Noarden krijt eigen ICT-beurs

© Omrop Fryslân
Noardlike ICT-bedriuwen hâlde fan takom jier ôf in eigen beurs dy't alle jierren yn Ljouwert, Grins of Assen plak fynt. It giet om in inisjatyf fan ICT-feriening Noard-Nederlân. Dêr binne 150 noardlike bedriuwen by oansletten.
De feriening stie al op bedriuwekontaktdagen, mar kiest no mei in eigen beurs foar publyk dat allinne mar yn ICT ynteressearre is. De feriening wol ek opliedingen benaderje om minsken nei de beurs te lûken.