Undersyk nij swimbad Wommels

03 feb 2006 - 11:48

De gemeente Littenseradiel hat 11.000 euro frij makke foar in ûndersyk nei de helberens fan de plannen foar in nij swimbad en in brede skoalle yn Wommels. It swimbadbestjoer hie dêr op oantreaun by de gemeente om't it swimbad oars wol ris ferdwine koe.

Oer in pear jier is it swimbad yn Wommels ferâldere. Foar nijbou soe dan gjin jild mear wêze. It kolleezje woe eins gjin ûndersyk nei de plannen, mar krige opdracht dêrta fan de ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)