Mear kontrôle yn lytse doarpen

© Omrop Fryslân
Der sille tenei faker doarpswachten te finen wêze yn de lytsere doarpen fan de gemeente Achtkarspelen. Neffens boargemaster en wethâlders rjochtsje de doarpswachten har no noch te folle op de grutte doarpen Bûtenpost en Surhústerfean.
De doarpswachten moatte de lytsere doarpen neffens boargemaster en wethâlders faker oandwaan om dêr it feiligensgefoel te fergrutsjen.