Folleybalsters Snits ferlieze

03 feb 2006 - 11:17

De folleybalfroulju fan Snits ferlearen tongersdei yn de earste wedstriid fan de kwartfinale fan it bekertoernoai mei 3-1 fan Dros/Alterno. Yn de Snitser sporthal wiene de setstannen 29-31, 23-25, 25-23 en 22-25.

Sneon spilet Snits op 'e nij tsjin Dros/Alterno, mar dan foar de kompetysje en yn Apeldoorn. Op 15 febrewaris krije de Snitser froulju fan trener Olaf van der Meulen de kâns om it bekerferlies noch goed te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)