Minima fergees oan de stamppot

03 feb 2006 - 11:14

De minima yn de gemeente Opsterlân kinne fergees oan de stamppot-andyvje en soerkoal mei woarst. It giet om pakketten dy't oerbleaun binne fan de WK Sprint yn Thialf.

In grutte libbensmiddelefabrikant dielde de pakketten út. In grut part is lykwols oerbleaun. Dy binne fia in fraksjefoarsitter fan de gemeenteried mei konneksjes yn Thialf oanbean oan de foedselbank op 'e Gordyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)