Miks gadingmakker buertpriis

© Omrop Fryslân
Wolwêzenorganisaasje Miks yn Skarsterlân wint mooglik in priis fan it Oranjefûns. It giet om de saneamde Appeltjes van Oranje foar bysûndere buertprojekten.
Miks helpt ferstanlik handikapten om folslein mei te draaien yn de maatskippij. Bygelyks mei in baantsje of in hobby. Prinses Maxima oerlanget de priis ein maaie op Paleis Noordeinde yn Den Haag. Der binne noch sân oare gadingmakkers foar de priis.