Toulûkerij oer skjin sintrum

© Omrop Fryslân
Undernimmersferiening H en I yn Surhústerfean jout foarearst gjin jild om it winkelsintrum skjinmeitsje te litten. It bestjoer fynt dat in taak fan de gemeente en sil dat ek tsjin Achtkarspelen sizze.
Oant der oer praat is, hâlde de winkellju sels de stoepen foar har eigen saak skjin. Dêr binne se al in skoftsje sels ferantwurdlik foar, omdat se fanwege besunigings gjin jild mear útjaan kinne oan in skjinmakkers.