Italiaan fertocht fan oanranding

© Omrop Fryslân
In 40-jierrige automobiliste út Sint Anne hat oanjefte dien fan oanranding. Dat soe bard wêze op Ljouwerterdyk by Hallum. De frou ried yn har auto en waard oanhâlden troch in Italiaanske frachtweinsjauffeur dy't de wei kwyt wie.
Doe't se de auto oan de kant sette waard se betaaste troch de man. Dêrnei naaide de sjauffeur hurd út. De plysje hat him eefkes letter oanhâlden. It giet om in 52-jierrige Italiaan.