Wieteke Cramer brekt noas

03 feb 2006 - 06:16

Reedrydster Wieteke Cramer (24) hat woansdei har noas brutsen yn in botsing mei ploechgenoate Annette Gerritsen. Ek har nekke is wat stiif. It ûngefal like wol wat op dat tusken Carl Verheijen en Jochem Uytenhage op it EK reedriden. Mar de gefolgen binne minder grut. Wieteke kin gewoan trochtrene.

Dat is wichtich mei it each op it WK allround dat op 18 maart útein set yn Calgary. Wieteke pleatste har dêr it ôfrûne wykein op it NK yn Utrecht foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)