Planskea foar plannen Waadsee

© Omrop Fryslân
De plannen fan it Ryk mei de Waadsee driigje de gemeenten ûnder de seedyk miljoenen euro's oan planskea te kostjen. Dêr moat de provinsje wat tsjin dwaan. Deputearre Steaten hawwe in FNP-moasje mei dy strekking woansdei oernaam.
It Ryk wol oanjaan wat wol en wat net kin op en om it Waad. Dit kin liede ta planskeafergoedings. Deputearre Steaten gean hjiroer yn petear mei it kabinet.