Freon Friezetsjerke ûnderskieden

02 feb 2006 - 11:45

In eardere KRO-ferslachjouwer dy't him bot ynset hat foar it behâld fan de Kerk der Friezen yn Rome hat in pauslike ûnderskieding krigen. Noud Smelt krige de ûnderskieding út hannen fan biskop Muskens fan Breda. Dy naam yn de jierren tachtich it inisjatyf om de Friezetsjerke nij libben yn te blazen.

Noud Smelt en de KRO binne bot belutsen by de tsjerke yn Rome. Dy waard al yn de achtste ieu stifte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)