Betizing oer fleanboat

02 feb 2006 - 11:27

In nij soart amfiby-boat soarget foar kommoasje yn wetterlân. It giet om de Flying Inflatable Boat fan wettersportbedriuw Van Zandbergen yn Dronryp. Dy hat de ymporteursrjochten bemachtige en wol mei it ding it wetter op. De autoriteiten witte lykwols net goed wat se dermei oanmoatte.

Hoewol't de fergunning noch op him wachtsje lit, binne der al fiif eksimplaren fan 'e Flying Inflatable boat á 15.000 euro it stik besteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)