Arriva-treinen yn Súd-Sweden

© Omrop Fryslân
Streekferfierder Arriva sil fan juny 2007 ôf njoggen jier it treinferkear yn Súd-Sweden fersoargje. It kontrakt, mei in mooglike ferlinging fan twa jier, sil goed wêze foar in omset fan rûchwei 200 miljoen euro.
Arriva moast mei noch twa oare bedriuwen de konkurrinsje oangean: in Deensk en in Sweedsk spoarbedriuw. De ferfierder fersoarget ek yn Fryslân in grut diel fan it iepenbier ferfier. Yn Súd-Sweden wurde 47 treinen ynset.