Fryslân wachtet mei kenteken

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân giet it noch net sa hurd mei de oanfraach fan nije kentekens foar bromfytsen. Yn de provinsje binne 6000 brommers dêr't in oanfraach foar dien is. Dat is 28 prosint fan it tal bromfytsen yn Fryslân. Lanlik leit dat sifer op 35 prosint.
Fan 1 novimber ôf dit jier moatte alle eigners fan in brommers in eigen kentekenbewiis en kentekenplaat oanfrege ha. Doel is om de stellerij fan bromfytsen te ferminderjen.