Ferfolch foar Dankert en Dankert

01 feb 2006 - 07:06

Der komt sa't it no liket in nije searje Dankert en Dankert op Omrop Fryslân televyzje. Regisseur Steven de Jong, haadrolspiler Peter Tuinman en de skriptskriuwers besjogge op it stuit hoe't de searje derút komme moat te sjen. De bedoeling is dat de nije ôfleverings yn novimber te sjen binne.

Dizze wike is de lêste ôflevering fan de earste searje útstjoerd. Yn trochsneed luts Dankert en Dankert sa'n 200.000 sjoggers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)