Jildsjitters Cambuur wer ta bûse

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub Cambuur is de kommende moanne wer eefkes út de brân. De fjouwer Ljouwerter sakelju dy't earder ek al 3,5 ton yn de klub stutsen ha, komme no wer mei twa ton oer de brêge. Dêrmei kinne de leanen wer betelle wurde en kin oan oare ferplichtings foldien wurde.
De ynterimlieding fan Cambuur wurket al in pear moannen oan in oplossing foar de finansjele problemen, mar dochs wie dizze needsprong nedich.