Jier sel foar driichmail Sail

© Omrop Fryslân
Ien jier selstraf, wêrfan seis moanne op betingst. Dy straf krige in Warkumer (40) tiisdei oplein troch de rjochter yn Amsterdam, foar it stjoeren fan in driichmail oer Sail Amsterdam yn augustus ferline jier. Der wie 15 moanne selstraf easke.
De Warkumer skreau yn in mail oan SBS6 dat er ynformaasje hie oer bommen en oanslaggen op it Sailterrein. De man frege 4 miljoen euro foar de ynformaasje.