Sportakkommodaasje min tagonklik

© Omrop Fryslân
De measte sportfoarsjennings yn de gemeente Eaststellingwerf binne net goed tagonklik foar minsken mei in handikap. In wurkgroep konkludearret dat mar 7 fan de 30 sportakkomodaasjes yn oarder binne.
It grutste probleem binne stoepkes en it ûntbrekken fan genôch spesjale parkearplekken foar beheinden. Ek hawwe net alle sportkompleksen oanpaste húskes en klaaihokken. Der is in rapport nei de gemeente gien.