Trekkers op de autodyk

31 jan 2006 - 23:35

Lânbouferkear mei tusken Frjentsjer en Dronryp net mear op de paralleldyk ride. Der binne no in jier proeven dien mei it lânbouferkear op de haadrydbaan. Dat is sa goed befallen dat de gemeente Frjentsjerteradiel besluten hat de maatregel definityf yn te fieren.

It komt de feiligens fan fytsers en brommerriders ten goede. Ek leit der gjin modder mear op de paralleldyk. Boppedat hat de bustsjinstregeling der net ûnder te lijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)