Dongeradiel hâldt sms-poll

31 jan 2006 - 21:39

De gemeente Dongeradiel hâldt op 9 febrewaris in spesjale sms-poll ûnder de jongerein. De gemeente wol fan 'e jongeren witte wat se fine fan it plan foar in nij kluster hege wynmûnen. Mei de sms-poll wol de gemeente de jongerein by de beslútfoarming belûke.

Under de dielnimmers wurdt in iPod ferlotte. It plan foarsjocht yn de bou fan seis wynmûnes by Mitselwier of Nijewier. Oant 17 febrewaris kin elts reagearje op it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)