Top 100 cd yn lanlike top 30

© Omrop Fryslân
De sammelcd 'It bêste út de Fryske Top 100' fan Omrop Fryslân komt dizze wike binnen op nûmer 29 yn 'e lanlike sammelcd Top 30. De Free Record Shop hat de cd no ek opnommen yn it lanlik assortimint. Der binne oant no ta 2.000 stiks fan 'e cd ferkocht.
De televyzje- en radio-útstjoering fan de Top 100 op âldjiersdei 2005 wie in grutte sjoch- en harkhit. De Top 100 list wie gearstald op basis fan mear as 26.000 stimmen.