Wolvegea wiis mei NS-regeling

31 jan 2006 - 17:06

De gemeenteried fan Weststellingwerf is tige wiis mei de nije tsjinstregeling fan 'e NS. De nije regeling betsjut dat tenei fjouwer kear yn 'e oere in trein stasjon Wolvegea oandocht. De ried naam moandei ienriedich in moasje oan om de nije tsjinstregeling te stypjen.

De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert binne krekt min te sprekken oer de nije tsjinstregeling, omdat Ljouwert net mear oandien wurdt troch in intercity-trein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)