Berneboekesjuery nije wike los

31 jan 2006 - 11:46

Fryske skoalbern kinne fan nije wike ôf wer oan de slach mei it beoardieljen fan Fryske berneboeken. Mindert Wynstra, ien fan 'e tsien nominearre skriuwers, jout nije wike yn Grou it startsein fan 'e berneboekesjuery.

Op de list steane fierder titels fan Auck Peanstra, Baukje Wytsma, Hanneke de Jong, Helena de Boer, Lida Dykstra, Willem Tjerkstra, Anny de Jong en Itty Sluis. Yn juny krijt de skriuwer mei de measte punten in ûnderskieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)