'Mear jild foar omrop nedich'

© Omrop Fryslân
De provinsje wol dat it ryk miljoenen mear beskikber stelt foar Omrop Fryslân. Deputearre Mulder giet dêrfoar tiisdei nei Den Haach. De provinsje wol dat de omrop net mear sjoen wurdt as regionale stjoerder, mar as omrop dy't útstjoert yn in minderheidstaal.
De omset fan de omrop soe omheech moatte fan 13 nei 29 miljoen. Yn oare lannen krije omroppen dy't útstjoere op basis fan in minderheidstaal ferhâldingsgewiis noch folle mear.