Kaastra foarsitter Fryske Rie

31 jan 2006 - 10:30

De Stifting Fryske Rie hat sûnt moandei in nije foarsitter: Roel Kaastra fan Aldskoat, de hjoeddeistich wethâlder fan finansjen fan Hearrenfean. Kaastra folget Johannes Samplonius fan Kollum op, dy't sûnt 1992 foarsitter west hat.

Yn de Fryske Rie binne ferskate organisaasjes fertsjinwurdige, út bygelyks de lânbou en it ûnderwiis. De Rie organisearret kongressen en stúdzjereizen foar ferskate beropsgroepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)