Enkête oer sportklub Frjentsjer

31 jan 2006 - 09:07

Gemeentebelang Frjentsjerteradiel wol der mei in enkête achterkomme wêr't de sportklub hinne ferhûzje moat. Der binne twa mooglike lokaasjes: ien yn it sintrum en ien oan de súdkant fan de stêd. Gemeentebelang is sels foar in ferhûzing nei de súdkant, mar lit dat net yn de fragen nei foaren komme.

De enkête wurdt nije wike hâlden ûnder 400 minsken. Der is oan tocht om in referindum te hâlden, mar dat soe te djoer wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)