Jan Werle twadde op Corus

31 jan 2006 - 09:07

Skaker Jan Werle út Beetstersweach is op it twadde plak einige yn de C-groep fan it Corus skaaktoernooi. Hy spile snein mei swart remise tsjin de oare Fries dy't meidie, Yge Visser.

Jan Werle helle ferline wike al in grutmaster-resultaat en waard dêrmei de earste grutmaster fan Fryslân. Werle is yn syn groep as heechste Nederlanner einige. Hy promovearret troch dat resultaat takom jier nei de B-groep fan it toernoai.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)