Sikehûs yn aksje tsjin baktearje

30 jan 2006 - 23:26

De bestriding fan in lestige baktearje kostet sikehûs MCL yn Ljouwert tonnen. It giet om de frij ûnskuldige baktearje VRE. Dy soarget gewoanwei net foar swierrichheden, mar yn útsûnderlike gefallen kin de baktearje in ynfeksje feroarsaakje.

Probleem is dat de baktearje resistint is foar de measte anti-biotika. De baktearje komt by alle minsken foar yn de termen en kin him ferspriede as minsken de hannen net goed waskje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)