Beswieren sâltwinning net goed

© Omrop Fryslân
De betrouberens fan de aksjegroep Laat Het Zout Maar Zitten komt yn gefaar, as de beswieren tsjin sâltwinning net better ûnderboud wurde. Dat skriuwt ûndersyksburo Alterra yn in noch fertroulik rapport.
It giet om de twadde ferzje fan in rapport oer de sâltwinning. Yn de earste ferzje wie de konklúzje dat de skea oan gebouwen en gewaaksen yn it gebiet net allinnich troch sâltwinning ûntstiet. Ek it wetterpeil hat ynfloed.