PvdA tsjin gaswinning Waad

30 jan 2006 - 19:43

De PvdA-steatefraksje wol besykje nije gaswinning út de Waadsee te kearen. De partij sil woansdei yn Provinsjale Steaten oare partijen freegje om mei inoar it kabinet in negatyf advys te jaan oer de winning fan gas út it Waad.

It kabinet hat al besletten om winning ta te tean, as der net tefolle skea oan de natuer ûntstiet. De PvdA fynt dat de skealike gefolgen fan de gaswinning út de Waadsee oantoand binne troch in rapport fan de NAM.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)