Aksjes yn hendikeptesoarch

30 jan 2006 - 19:43

Hurdere aksjes yn de hendikeptesoarch lykje net mear foar te kommen. Dat die moandei bliken by de earste aksjes fan de fakbûnen en wurknimmers foar in nije CAO.

By de yngong fan it haadkantoar fan Talant op it Hearrenfean dielden de wurknimmers houtsjes út, om op te biten, en plestik pûdsjes mei bakte lucht. Dizze wike binne der noch mear ludike aksjes yn de provinsje. Yn maart folgje nei ferwachting hurdere aksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)