Kernermershow wint Lytske Aaipop

© Omrop Fryslân
De Johannes D. Kernermershow is sneon winner wurden fan Lytske Aaipop yn Nijlân. De band, dy't syn namme ôflaat hat fan in Dútske talkshow, mei no as iepener optrede op it grutte Aaipop festival.
Neffens de sjuery wiene oare dielnimmers kwalityf better as de winners, mar koene dy lêsten it publyk better op de hân krije. De Kernemershow spilet sa'n twa jier. De bandleden komme út Folsgeare en Nijlân.