Utlis loverboys troch gemeente

30 jan 2006 - 14:05

De gemeente Ljouwert hâldt tongersdei in ynformaasjejûn oer loverboys. Dat wurdt dien mei de Jongeren Advysrie, de frouljusopfang en opfanghûs Asja.

Op de jûn wurdt útlein hoe't loverboys wurkje en sil in slachtoffer har ferhaal dwaan. Loverboys binne jonge poaiers, dy't famkes ynpakke mei leafde en kado's om se dêrnei yn de prostitúsje te setten. Yn Ljouwert binne se in probleem, sa seit wethâlder Hafkamp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)