Ryk bliuwt baas oer It Waad

30 jan 2006 - 12:41

It Ryk bliuwt hoe dan ek de baas oer de Waadsee. Dat boadskip hiene de ministers Dekker en Veerman dit wykein yn de Hegere Hotelskoalle yn Ljouwert. Se praten dêr mei fertsjintwurdigers en belanghawwenden út de regio oer it Waad en it Waadfûns.

It Noarden wol graach sizzenskip ha oer it jild dat yn it Waadfûns stutsen wurdt, goed 800 miljoen euro. Minister Dekker wol dêr perfoarst net oan. Sy hat de ferantwurdlikens oer it fûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)