Beorn Nijenhuis 4de yn Collalbo

30 jan 2006 - 09:13

Beorn Nijenhuis fan it Hearrenfean waard snein by de wrâldbekerwedstriid yn it Italiaanske Collalbo fjirde op de tûzen meter yn 1.09,49. De ôfstân waard wûn troch de Amerikaan Shani Davis yn 1.09,26. Erben Wennemars wûn sulver yn 1.09,46.

Wennemars liket der net al te folle lêst mear fan te hawwen dat er koartlyn út de ploech Orie set waard. Gerard van Velde waard fyfde yn 1.09,51.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)