Winst foar foljebalsters Snits

29 jan 2006 - 14:13

De foljebalsters fan Snits wûnen sneon de kompetysjewedstriid fan VVC mei 3-2. It wie de striid tusken de twa ûnderste ploegen út de earedivyzje. It like der earst op dat Snits wer ferlieze soe, want de formaasje fan trener Olof van der Meulen kaam mei 0-2 achter.

De folgjende trije sets giene lykwols nei Snits. Nettsjinsteande de winst liket Snits de play-out wedstriden net ûntrinne te kinnen. Fia dy wedstriden kin degradaasje foarkaam wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)